Nije CDA-ôfdieling SW-Fryslân

13 nov 2009 - 16:42
  • De 5 âlde ôfdielings waarden opheft

De CDA-ôfdielings fan Boalsert, Nijfurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel sille as ien ôfdieling fierder. Dat hawwe de leden dizze wike besletten op in gearkomst fan de partij. Dêrmei wurde de hjoeddeiske gemeentlike ôfdielings opheft.

De partij rint dêrmei foarút op de fúzje fan de fiif gemeentes dy't 1 jannewaris 2011 yngean moat. De nije namme fan de ôfdieling sil CDA Súdwest Fryslân wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)