Provinsjale stimulearingspriis

13 nov 2009 - 15:21

Friezen kinne út fiif projekten kieze foar in provinsjale stimulearingspriis. It giet om projekten dy't it iepenbier ferfier ferbetterje kinne. De twa winners krije elk 50.000 euro.

De projekten dêr't út keazen wurde kin binne in elektryske bus op Flylân, feiligens yn bussen, reisynformaasje yn de bus, in buskaart mei toeristyske ynformaasje en in Alvestêdetocht mei it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)