Undersyk sporthal Menaam

De gemeente Menameradiel ûndersiket de kommende moannen de takomst fan de sporthal by Menaam. Alle sportklups krije in enkête tastjoerd. Dan kinne se oanjaan wat se fine fan de besteande sporthal en oft der saken binne dy't se noch misse.
De kommende moannen wurde trije klaaikeamers fan de hal renovearre. Op de langere termyn hat de âlde sporthal mear ûnderhâld nedich. De gemeente wol earst witte wêr't de ferienings ferlet fan hawwe, foardat ynvestearre wurdt.