Foksen fange mei klemmen

13 nov 2009 - 11:08

Staatsbosbeheer hat by de provinsje fergunning frege foar it ynsetten fan klemmen en strikken om de foksen op Flylân te fangen. Staatsbos wol sa foarkomme dat de foksen takom maityd opnij in slachting oanrjochtsje ûnder de briedfûgels.

Dit jier waarden tûzenen nêsten leechrôve troch foksen. De ôfrûne tiid is besocht de foksen ôf te sjitten mar dat slagge mar by in lyts tal. Sadra't de provinsje tastimming jout, wol Staatsbosbeheer los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)