Boete foar 153 hurdriders

13 nov 2009 - 10:10

Op Het Meer op It Hearrenfean hawwe tongersdei 153 autobestjoerders in boete krigen omdat se te hurd rieden. De plysje hold in grutte kontrôle op dy dyk. Goed 1000 auto's kamen foarby.

De fluchste bestjoerder hie 90 kilometer op de teller. Der mei op dat plak mar 50 riden wurde. Ek in brommerrider krige in boete foar te hurd riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)