Jan Vlap nije trainer ONS

13 nov 2009 - 09:49

Jan Vlap wurdt takom seizoen de nije trainer fan sneons earste klasser ONS. Vlap wurdt by de Snitser klup de opfolger fan Fred de Boer, dy't fierder giet as haad jeugdoplieding. Op dit stuit is Jan Vlap trainer fan it Grinzer Gronitas. Hy hat in kontrakt tekene foar trije jier.

Earder wie Vlap, in Snitser, trainer fan Burgum, Frisia en De Lemmer. As spiler wie er ûnder oare aktyf foar Sportklup Hearrenfean, Snits, ONS Snits en Waterpoort Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)