Sms-alarm by heech wetter

13 nov 2009 - 08:47

Boeren mei fee yn it Noarderleech kinne har oanslute op in alarmsysteem foar heech wetter. It systeem is opset troch Pier Soepboer út Holwert. Dy hat fanwege syn wurk by it Waadrinsintrum in soad ûnderfining mei wetterstannen.

Mei de alarmearring wol Soepboer foarkomme dat der noch mear bisten ferdrinke yn it Noarderleech. Yn oktober kamen der 23 skiep om it libben. Boeren dy't har oanslute by it systeem krije by heech wetter in sms of mail tastjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)