Eigen stroom Ferwerderadiel

12 nov 2009 - 23:59

De ynwenners fan Ferwerderadiel kinne takomend jier harren stroom ynkeapje yn eigen gemeente. Dan moat de nije eigen enerzjymaatskippij LEF it libbensljocht sjen. LEF stiet foar Lokale Enerzjy Ferwerderadiel. It is in idee fan de gemeente dy't sa it opwekken fan griene stroom oantreklik meitsje wol en boppedat de kosten nei ûnderen bringe wol.

De gemeenteried en de bewenners binne tongersdeitejûn bypraten oer hoe't it der no foar stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)