Fjoertoertocht 2010 populêr

De fjoertoertocht foar 2010 rint al aardich fol
Al goed 2200 minsken hawwe harren ynskreaun foar de 3e edysje fan de Fjoertoer kuiertocht op 10 april takom jier op Skylge. Ofrûne nacht is de ynskriuwing fan de tocht fia de kompjûter fan start gien. Der is plak foar 3000 kuierders en Nordic Walkers.
Nij is de ôfstân oer 15 kilometer. Dêrneist kin keazen wurde út 21 of 42 kilometer. De measte minsken hawwe oant no ta ynskreaun foar de 21 kilometer. Ynskriuwe kin fia www.fjoertoer.nl