Wethâlder Visser L'lân fuort

Wethâlder Jon Visser hâldt der nei twa perioaden mei op
Wethâlder Jon Visser fan Lemsterlân hâldt der nei de gemeenteriedsferkiezings yn maart takom jier mei op. Visser hat twa perioaden wethâlder west foar de Partij van de Arbeid. Hy wie yn dy tiid ûnder oare ferantwurdlik foar wolwêzen, ûnderwiis, ekonomyske saken en wurkgelegenheid.
Visser hâldt om persoanlike redenen op, hy wol graach in oare baan dy't wat mear skieding jout tusken wurk en privee.