SC Cambuur mist 4 spilers

12 nov 2009 - 14:01

SC_Cambuur-trainer Stanley Menzo kin freedtejûn yn de wedstriid tsjin FC Oss net beskikke oer Rudy Jansen, Randy Rustenberg, Oguzhan Türk en Jos van Nieuwstadt. Jansen en Türk ha beide lêst fan it ankel, Rustenberg is siik en van Nieuwstadt is al langer blessearre.

Danny Guijt makket syn rentree yn de basis, hy ûntbruts ferline wike troch in skorsing. De ferdigening fan SC Cambuur wurdt foarme troch Wau, Hese, Van Boxel en Van der Ree.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)