Fuotbalfroulju spylje net

12 nov 2009 - 12:17
  • Gjin wedstriid foar de froulju (foto fan de wedstriid tsjin FC Utrecht)

De thúswedstryd fan de froulju fan SC Hearrenfean tsjin FC Twente giet tongersdeitejûn net troch. Neffens Hearrenfean is it fjild fanwege de rein fan de lêste dagen net bespylber. In nije datum is noch net fêststeld.

It is al de twadde kear op rige dat de froulju net yn aksje komme. Ek ferline wike gie de wedstryd tsjin ADO Den Haach fanwege min waar net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)