53 manlju húsferbod oplein

12 nov 2009 - 12:03
  • Fier Fryslân is ien fan de ynstânsjes dy't it konvenant ûndertekenje

Oan 53 manlju is it ôfrûne jier in húsferbod oplein omdat se harren frou of bern mishannele ha. Dizze manlju krigen in húsferbod fan tsien dagen oplein troch de boargemaster.

Yn Fryslân moasten 21 boargemasters dit beslút nimme. Tongersdei ûndertekenje alle partijen in konvenant om de helpferliening foar benammen nei de tiid noch better op elkoar oan te sluten. Mei de 53 gefallen sit Fryslân boppe it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)