Seilmakker De Vries 'fallyt'

12 nov 2009 - 10:09

Seilmakkerij De Vries fan De Lemmer sit yn grutte problemen. Mooglik wurdt tiisdei it fallisemint oanfrege. De leanen fan de tolve meiwurkers kinne dizze moanne net útbetelle wurde. It bedriuw sels seit lêst te hawwen fan de resesje.

Neffens it fakbûn FNV hat it bedriuw grutte skulden by û.o. it pensioenfûns. Seilmakkerij De Vries bestiet al sûnt 1830 en is spesjalisearre yn it meitsjen fan seilen foar de brune float.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)