Lichem fûn by Koarnwertersân

De plysje tinkt dat it giet om de 68-jierrige Ljouwerter
Op in sânbank yn de Iselmar by Koarnwertersân is woansdei troch meiwurkers fan de KLPD in lichem fûn. It giet om de 68-jierrige Ljouwerter, dy't ein oktober fan syn skip fallen is.
Der is doe fuortendaliks mei man en macht socht nei de man, mar dat hat earder neat opsmiten. Der is socht mei sonarapparatuer en letter ek noch mei hûnen.