LED Wolvegea foarbyld Nederlân

11 nov 2009 - 23:20
  • LED-ferljochting is de nije trend (argyffoto)

De Lindewyk yn Wolvegea is it foarbyldprojekt foar Fryslân en Nederlân as it giet om LED-ferljochting. Yn de wyk sit yn alle lantearnepeallen in LED-lampe. Ut alle kanten fan it lân komme gemeenten nei Wolvegea om dizze enerzjysunige ferljochting te besjen.

Woansdei waarden de ljochten yn it lêste part fan de wyk mei in ludike aksje oanstutsen. Bern dy't meirûnen mei Sint-Marten hâlden de buert dêrfoar yn it ljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)