Weriepening kanaal 16 miljoen

11 nov 2009 - 23:16
  • Weriepening Polderhoofdkanaal komt noch 3 miljoen tekoart

Weriepening fan it Polderhoofdkanaal sil 16 miljoen euro kostje en der is noch in tekoart op de begrutting fan trije miljoen euro. Dat lit it kolleezje fan B&W fan Smellingerlân witte oan de gemeenteried.

Sa as it der no hinne leit, moatte der yn 2011 en 2012 maatregels naam wurde dy't de skea fan weriepening oan it miljeu kompensearje. It kolleezje fynt dat weriepening fan it kanaal hieltiden mear út byld rekket en wol der gjin ekstra jild ynstekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)