FNP twifelt oan helberheid REC

11 nov 2009 - 23:06

De FNP yn de steaten wol fan it kolleezje fan DS witte oft it noch doel hat in miljeufergunning ôf te jaan foar de bou fan de ôffaloven yn Harns.

Oanlieding is de stap fan Dantumadiel en Dongeradiel om mei Omrin te brekken. Se tinke it ôffal by in oar goedkeaper kwyt te kinnen. It miljeurindemint fan de nije oven fan Omrin soe neffens de FNP wolris ôffalle kinne, no't der minder ôffal beskikber is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)