Undersyk dea Niels Kooistra

Advokaat Tsjalling van der Goot ferdigenet de fertochte
It gerjochtshôf wol fierder útsykje wat de oarsaak west hat fan de dwerslaesy fan Niels Kooistra út Ljouwert. Kooistra waard 1 augustus 2008 mei in priem yn syn hals stutsen troch in doe 18-jierrige man. De rjochtbank feroardielde de man foar moard.
De advokaat hat foar it heger berop no in medysk saakkundige nei it dossier sjen litten. Dy hat twifels by de medyske rapporten. Moard soe dêrtroch net te bewizen wêze, deaslach wol.