LED-lampen yn Frjentsjer

11 nov 2009 - 17:03

Yn Frjentsjer komt yn it Skalsumerplan nije strjitferljochting mei LED-lampen. De nije ferljochting is de ôfsluting fan de werynrjochting fan de wyk, dy't foar in grut part in nije ynrjochting krigen hat. De trochgeande dyk troch de wyk is smeller makke, der binne ferkearsdrompels yn makke en de maksimumsnelheid is werombrocht nei 30 kilometer yn de oere.

De nije LED-ferljochting moat soargje foar minder ljochthinder en it is enerzjysunich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)