'Opsizzen Omrin hat gefolgen'

11 nov 2009 - 16:56

Dantumadiel en Dongeradiel hoege net te ferwachtsjen dat se út Omrin stappe kinne sûnder dat dat gefolgen hat. Dat seit wethâlder Krol fan Ljouwert. Dy gemeente is in grutte kliïnt fan Omrin en in wichtige oandielhâlder. Dantumadiel en Dongeradiel sizze it kontrakt op om't se de risiko's fan de bou fan de ôffaloven te grut fine.

Krol wol dat Omrin no yn alle gefallen in juridyske proseduere begjint om te sjen oft se skeafergoeding betelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)