SKL nominearre foar priis

11 nov 2009 - 16:45
  • SKL Kinderopvang Ljouwert is nomineard foar in priis

SKL Kinderopfang yn Ljouwert is nominearre foar in Gazelle Award. Dat is in priis foar rap groeiende bedriuwen yn Nederlân. De berne-opfang hat himsels net oanmeld. It bedriuw foldocht oan de kritearia dat de omset alle jierren mei 20 prosint groeie moat en dat it bedriuwsresultaat oer it lêste jier posityf wêze moat.

By SKL binne se grutsk op de nominaasje, mar groei is net it belangrykste. Tongersdei wurdt de winner fan it Noarden bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)