Stroetinga net op wrâldbeker

Arjan Stroetinga (foto: Martin de Jong)
Maratonreedriders Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma meie dit wykein net meidwaan oan de Wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Dat hat de ynternasjonale reedriiduny ISU bepaald.
Stroetinga en Bergsma wolle har troch middel fan naturalisaasje ta Kazak pleatse foar de ploege-achterfolging op de Olympyske Spelen. De ISU hat lykwols noch net de goede papieren krigen fan it Kazakse reedrydbûn wêrmei't Stroeting en Bergsma op it Thialf ride meie.