Wurkstraffen foar relskoppers

Wurkstraf foar relskoppers
De rjochter hat woansdei wurkstraffen oplein oamt 180 oeren oan relskoppers dy't har misdroegen nei de wedstriid tsjin Roda. Yn juny waarden al njoggen relskoppers fia snelrjocht foar de rjochter brocht. Dizze wike en op 30 novimber moatte nochris 46 manlju foar de rjochter komme.
Der kamen woansdei 18 man foar de rjochter. Se pleegden geweld yn it stadion tsjin stewards. De mannen binne herkend op de foto's dy't foto's dy't publisearre binne.