Placemats mei kriminelen

11 nov 2009 - 11:43

Op it plysjeburo fan Ljouwert lizze placemats mei tsien foto's derop fan saneamde 'notoire veelplegers'.

Op ien fan dy foto's stiet in man dy't yn in rjochtsaak sit yn ferbân mei de Cambuurrellen. Syn advokaat Tsjalling van der Goot is min te sprekken oer de placemats fan de plysje. Neffens de plysje giet it om in proef as yntern kommunikaasjemiddel. De privacy fan de mannen dy't mei foto en namme op de placemats stean soe neffens de plysje net skeind wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)