Ald seesleper wurdt opknapt

11 nov 2009 - 11:07

Yn Harns wurdt wurke oan seesleper Holland. Dat is in âlde bergingsjager út 1950. Eartiids lei de boat by Skylge en gie de see op om boaten dy't yn de problemen kamen te slepen of te bergjen.

In stichting wol de Holland yn âlde gloarje herstelle. Dêrfoar is revyzje fan de motor hurd nedich. It bedriuw Wärtsila docht dat en studinten fan de Maritieme Academie yn Harns en it Maritiem Instituut Willem Barentz op Skylge helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)