Gau hanteken foar de Heak

Eurlings moat noch in hanteken sette
De provinsje ferwachtet dat minister Eurlings noch dit jier syn hanteken set ûnder it traseebeslút foar de Heak om Ljouwert. De ferkearsminister hat noch in tal dokuminten fan de provinsje nedich. Dy wurde meikoarten oanlevere. Neidat dy posityf beoardield binne, set de minister syn hanteken.
De Heak om Ljouwert rint oan de westkant fan Ljouwert en moat foarkomme dat der tefolle ferkear troch de stêd moat.