Minder boeren foar behear

Natuerbehear smyt boeren amper wat op
De provinsje moat lobbye yn Brussel en Den Haach om natuerbehear troch boeren te behâlden. It tal boeren dat oan agrarysk natuerbehear docht, rint werom. Yn 2006 gie it om 1600 bedriuwen, ferline jier wiene it 1200. De provinsje ûndersiket de reden.
Ut ûndersyk docht bliken dat natuerbehear boeren kwalik jild opsmyt. It Lânbou Ekonomysk Ynstititút (LEI) advisearret mei in lobby te soargjen foar mear stipe foar boeren dy't oan natuerbehear dogge.