Friezetsjerke faker iepen

Kerk der Friezen
De Kerk der Friezen yn Rome is tenei faker iepen. De tsjerke is no twa kear yn de wike iepen. Dat wurdt takom jier fiif kear wyks. De provinsje hat dêr ôfspraken oer makke en stipet dat ek. It giet om tsientûzen euro yn 't jier.
De Friezetsjerke bestiet al sûnt de njoggende ieu en al sûnt dy tiid hat de tsjerke in bân mei Fryslân. Neffens de provinsje is it wichtich om de kultuerhistoarje libben te hâlden en de bân mei de tsjerke te fersterkjen.