Listferbining links Litt'diel

Fjouwer partijen op ien list
Littenseradiel hat de lanlike primeur mei de listferbining fan de PvdA, D66, GrienLinks en de SP. It progressive blok docht ûnder de namme SAM mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn maart.
Der moat noch in ferkiezingsprogramma skreaun wurde en ek de kandidatelist is noch net klear, mar der binne al 22 gadingmakkers foar in plakje yn de nije ried. Der is gjin sprake fan in fúzje. De partijen bliuwe gewoan selsstannich bestean.