Sikehûsman fertsjusteret jild

10 nov 2009 - 22:51

Foarsitter Ruud Beijers fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean wurdt fertocht fan fertsjustering. Dat docht bliken út papieren fan de rjochtbank. Beijers soe jild fan syn muoike op syn eigen rekken oerboekt hawwe.

Earder waard Beijers allinne fertocht fan it wytwaskjen fan it jild dat syn eks-partner ôftroggele hie fan minsken út societyrûnten. De rjochtsaak tsjin de bestjoersfoarsitter fan sikehûs Tjongerskâns begûn ôfrûne moandei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)