Nije ferdigener foar Flyers
Iishockeyklup Hajé Flyers hat krekt foar de start fan de kompetysje in nije ferdigener oanlutsen. It giet om de 26-jierrige Kanadees Brent Patry. Patry kaam ferline jier út foar Eindhoven en makke dêr yndruk troch as ferdigener in protte goals te meitsjen.
Hy hat dêrnei sûnder súkses besocht om yn Amearika oan de bak te kommen. Freed begjinne de Flyers de kompetysje mei in útwedstriid tsjin Den Haach.