Gordykster yn finale Popstars

10 nov 2009 - 15:45
  • Kim Stolker yn finale Popstars

Yn de finale fan it SBS programma Popstars stiet dizze kear it Fryske sjongtalint Kim Stolker fan De Gordyk. Mei njoggen oare sjongers en sjongeressen striidt Kim yn de liveshows om de titel Popstar.

De sjuery fan it sjongprogramma Popstars is tige te sprekken oer de sjongkeunsten fan Kim Stolker. Neffens de sjuery is it iennige minpunt dat se noch te folle it beskiedene Fryske famke is. De finale is 20 novimber. De konkurrinsje is grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)