Mear minsken mei Korsakov

10 nov 2009 - 15:35

It tal minsken mei Korsakov yn Fryslân nimt ta en der is te min opfang foar dizze groep. Fryslân telt no likernôch 450 Korsakov-pasjinten, mar dat tal wurdt grutter troch ûnder oare de taname fan it tal jongeren dat in grut alkoholprobleem krijt.

De GGZ Fryslân iepent dizze wike in Harns in nije wenfoarm foar Korsakov-pasjinten. Yn it gebou krije de pasjinten har behanneling, mar se wenje yn hierwenningen yn in sintrum fan Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)