Saak Niels Kooistra útsteld

10 nov 2009 - 12:25
  • It Hôf behannelet de saak noch net ynhâldlik

It gerjochtshôf yn Ljouwert sil de saak Niels Kooistra woansdei net ynhâldlik behannelje. Reden is dat de ferdigening op it lêste momint noch in medysk rapport yntsjinne hat. It Hôf beslút woansdei wat mei dat rapport barre moat. Der komt in nije datum foar de ynhâldlike behanneling.

Op de sitting stiet in Ljouwerter terjochte, dy't ferline jier augustus Niels Kooistra delstuts, neidat se in wurdewiksel hân hiene. Kooistra ferstoar koart dêrnei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)