Grypmaatregels berneferbliuwen

10 nov 2009 - 12:07

Guon Fryske bernedeiferbliuwen nimme maatregels tsjin de Meksikaanske gryp. De hygiënefoarskriften wurde ekstra yn omtinken brocht en der wurdt faker skjinmakke. Moandei waard bekend dat ek bern fan seis moanne oant en mei fjouwer jier faksinearre wurde.

Personiel yn de soarch kin ek in prik helje. Manager Lieke Bisseling fan de Berneopfang Ljouwert slút in faksinaasjeprogramma foar personiel yn de berneopfang net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)