Undersyk nei ynbraken

10 nov 2009 - 09:46

De plysje docht ûndersyk nei seis ynbraken yn bedriuwen yn Fryslân, dy't allegear it ôfrûne wykein wiene. Dat barde yn Ljouwert, Burgum, Bûtenpost, Surhústerfean en twa kear op It Hearrenfean. De dieven fernielden yn de measte gefallen in doar of rút om deryn te kommen. Se namen ûnder mear kompjûters, navigaasjesystemen, ark en jild mei.

Neffens de plysje is der gjin reden om oan te nimmen dat de ynbraken wat meielkoar te meitsjen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)