Tsjûgen mishanneling socht

10 nov 2009 - 09:43

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan in 20-jierrige ynwenner fan Skarsterbrêge. De man waard yn de nacht fan sneon op snein tusken trije oere en healwei fjouweren ynelkoar slein yn de Midstrjitte op 'e Jouwer. Hy hat in harsenskodding en kin him net in soad yn 't sin bringe fan it ynsidint.

De plysje wol yn kontakt komme mei minsken dy't wat sjoen hawwe. Dy tsjûgen kinne belje mei de plysje of mei Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)