Opheldering oer slang tankauto

09 nov 2009 - 21:56
  • De wol mei salpetersoer ûntstie troch it lossjitten fan in slang (foto Jaring Rispens)

Der moat gau dúdlikens komme oer hoe't de slang fan de tankauto mei salpetersoer by it molkfabryk yn Dronryp lossjitte koe. Boppedat moat dúdlik wurde wêrom't net fuortendaliks bekend wie dat it om it gefaarlike soer gie. Dat wol Pleatslik Belang Dronryp witte. It doarpsbestjoer prate dêr moandeitejûn oer.

Ofrûne freed gie it mis by it fabryk fan Friesland Campina. 24.000 liter salpetersoer streamde fuort en soarge foar in grutte gifwolk boppe it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)