H'fean wol 44.000 sitplakken

It Abe Lenstrastadion wurdt de kommende jierren fierder útwreide
As it WK fuotbaljen yn 2018 of 2022 nei Nederlân komt, moat it Abe Lenstrastadion op It Fean útwreide wêze oant 44.000 sitplakken. In operaasje dy't goed 20 miljoen euro kostet. De fuotbalklup wol de útwreiding yn in tal stappen dwaan.
SC Hearrenfean wol de kommende jierren it tal sitplakken útwreidzje ta 32.000, omdat der in wachtlist is foar seizoenkaarten. Sûnt moandei is Hearrenfean offisjeel kandidaat-spylstêd foar it WK fan 2018 of 2022.