Loadstariven Harns te heech

09 nov 2009 - 16:19

De tariven dy't yn lytse havenplakken betelle wurde moatte foar loadsen, binne fierstente heech. Eltse regio moat sûnt ferline jier kostedekkend wurkje, mar lytse regio's kinne net profitearje fan skaalfergrutting en dêrom binne de tariven omheech gien.

Yn Harns bygelyks gean se yn 2010 mei 36 prosint omheech. Dat is net goed foar de konkurrinsjeposysje. De riedsfraksjes fan CDA, PvdA en VVD ha no Twadde Keamerleden fan har partijen útnoege om oer it probleem te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)