Meitsje rotonde by Aldeholtpea

09 nov 2009 - 15:13

De rop om in rotonde by Aldeholtpea sil grutter wurde nei it slimme ûngelok by it doarp fan moandei. In âlder echtpear waard skept troch in frachtwein doe't se de N351 yn de rjochting fan Wolvegea oprieden.

De auto waard hûndert meter troch de frachtwein meisleept. De bestjoerder (91) en syn frou kamen troch de klap om it libben. Harren hûn oerlibbe it ûngelok ek net. De frachtweinrider, in 42-jierrige man fan Aldetrine, rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)