KNVB: swarte list amateurs

09 nov 2009 - 13:36

Amateurfuotballers dy't har op of om it fuotbalfjild slim misdrage en foar langere tiid skorst wurde, komme tenei op in swarte list. De KNVB hat in Lijst Landelijk Voetbalverbod ynsteld om foar te kommen dat spilers dy't swier oer de skreef gien binne by in oare klup troch fuotbalje kinne.

It probleem spilet al langer, mar omdat de gegevens privacy-gefoelich binne, hat it lang duorre foardat it protokol klear wie. Om hoefolle Fryske fuotballers it giet wit de KNVB net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)