Twa deaden by ûngelok A'pea

09 nov 2009 - 12:05

By in slim ûngelok op de N351, de trochgeande dyk tusken Easterwâlde en Wolvegea, is moandeitemoarn in echtpear om it libben kommen. Sy sieten yn in persoane-auto dy't yn botsing kaam mei in frachtauto.

It ûngelok barde by de ôfslach nei Aldeholtpea. De plysje tinkt dat de autobestjoerder by it oerstekken fan de N351 de frachtauto oer de holle sjoen hat. Oer de identiteit fan de slachtoffers kin de plysje noch neat sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)