Frou ferwûne by auto-ûngelok

09 nov 2009 - 10:04

In 22-jierrige frou út Aldeboarn is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Raerd. It slachtoffer kaam mei har auto yn 'e berm en rekke de kontrôle oer it stjoer kwyt. De auto skeat oer de dyk en kaam tsjin in beam ta stilstân.

De frou hie ferskate ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)