Oanholden foar fernieling

08 nov 2009 - 15:49

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn de Parkstrjitte op De Lemmer in 21-jierrige ynwenner fan dat plak oanholden op fertinking fan fernieling. Surveillearjende plysjes seagen dat twa jonges spul hiene.

De twa waarden útinoar helle troch in omstanner. De plyjes holpen him dêrby. Doe't de rêst werom wie, die bliken dat de twa ûnder ynfloed fan alkohol wiene. De 21-jierrige hie syn fyts tsjin in parkearde auto smiten en dêrtroch wie skea ûntstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)