Bromfytser (17) rydt gefaarlik

08 nov 2009 - 15:41

In 17-jierrige bromfytser fan It Hearrenfean is sneontejûn troch de plysje meinaam nei it buro. In surveillearjende motorplysje seach de jonge oer de Hearewâl riden.

Hy wie oan it kleevjen en ried dêrby sawat 70 kilometer yn 'e oere. Op de Nijstrjitte helle de bromfytser in auto yn. Ut de oare rjochting kaam krekt in oare auto. De plysje besleat om de jonge mei te nimmen nei it buro. Dêr krige er in bekeuring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)