Earste POPid yn Snits

08 nov 2009 - 13:50

De earste POPid, de muzikantedei fan it Noarden, wurdt op 19 desimber holden yn it Bolwurk yn Snits. Der wurde workshops en lêzings holden oer ûnder oare songwriting, ynstrumintbehearsking en cd-opnames.

Rock 'n Rollers fertelle oer har ûnderfinings as bekende muzikant. Der binne ynformaasjestands en der is in netwurkkafee. Yn de jûn wurdt troch in bekende Fryske artyst de Fryske Pop-Awards útrikt, ôfwiksele mei optredens fan ferskate lokale bands.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)