Man mishannelet frou

In 29-jierrige Ljouwerter moat it hiele wykein yn de sel sitte, om't er yn de nacht fan sneon op snein in 21-jierrige frou út Ljouwert mishannele hat. Yn in kafee sloech er de frou mei in glês yn har gesicht. Se hie dêrtroch allegear lytse ferwûnings oan 'e holle.
De man sels rekke ek ferwûne, mooglik is ien fan syn pezen trochsnijd. Hy sit wis oant moandeitemoarn fêst. Wol moat er snein nei it sikehûs om syn ferwûnings behannelje te litten.