Ferkear Wommels moat feiliger

De gemeente Littenseradiel stjoert elkenien yn Wommels in enkête oer de ferkearssitewaasje
Ynwenners fan Wommels moatte oanjaan oft sy de ferkearssitewaasje yn it doarp wol feilich genôch fine. De gemeente Littenseradiel stjoert de doarpsbewenners dizze wike in enkête.
Der komt in soad ferkear troch de beboude kom, mar dy is frijwat krap. Dêrtroch ûntsteane der opstoppings foar fytsers en auto's. Ek is der net in soad romte om te parkearen. Der wurdt op dit stuit ûndersyk dien nei in bettere ferkearssitewaasje, de enkête is dêr ûnderdiel fan.